Radio interview Omrop Fryslân, uitgezonden op 11-07-2022.

 

René: Goeiemiddei Sjoerd.
In moanne lyn wiedest hjir ek yn de studio om te ‘warskôgjen’ foar de impact dy’t de brieven fan ministers Van der Wal en Staghouwer ha soene. No bin we in pear wike fierder en ik liket mâl. Der barde saken wer je kjêl fan wurde. Faaks in hast net te beanderjen fraach, mar wer eindigt dit en hoe moat dit fierder?

Sjoerd: Goeiemiddei René.
Ja, it liket mâl. Dat kin jo perfoarst sizze. Elts sil ik niis wol yn meardere as mindere mate meikrije de ôfrûne wiken. Dus dat sil ik net werhelje.
Wat derby yn myn eagen spitich is, ek al is it faaks logysk en net oan te ûntkommen, dat we it inmiddels foaral oer de aard fan de protesten hawwe en net mear oer datjinge wat der efter skûl giet. Want liuw my mar: de measte boeren ha ek grutte twifels by de manier fan úterjen en demonstreren dy’t in oantal radicalen der opnei hâlde. Mar tagelyk sit êfter al dizze protesten dus wol degelik in grutte foarm fan woede en machteleasheid.

René: Dat is dúdlik. Dochs earst noch efkes, werom binne de brieven fan 10 juni fan de ministers Christianne van der Wal en Henk Staghouwer neffens dy sa ferkeard fallen? Sa ferkeard dat we no dei op dei demonstraasjes sjogge werby sels de freonlikste en rêstigste boeren op de trekkers springe?

Sjoerd: In lânlik kaartsje droppe mei reductiedoelen is it domste wat Van der Wal dwaan koe. Sy kin no hûnderd kear sizze dat it om in ‘rjochtingjouwende kaart’ giet, mar it leed is geschied. Eltse boer sjocht fuort en dalik hoe it foar syn of har bedriuw útpakt en de helte fan de boeren fylt de takomst foar syn bedriuw ûnder de fuotten weisakjen.
Dat Van der Wal dizze kaart ek noch preseteare los fan de doelstellingen welke yndustry en mobiliteit oplein krije, is de twadde grutte flater dy’t hja makke. Dermei leit sy fuort alle pine by de boeren del, wylst it werombringen fan emissies in komplete maatschappelike oanpassing freaget. Fan alle sectoren én boargers.

De grutste flaters lizze neffens my echter by Henk Staghouwer. Wer is yn fredesnamme it perspectief wer’t Staghouwer yn syn brief mei komme soe? No seit hy dat hy yn septimber dûdlik meitsje sil hoe banken en supermerken te twingen om in heagere priis te beteljen foar de produkten dy’t boeren leverje. No ik kin dy wol fertelle; dat giet fuort net plakfinen. Derfoar moat Nederlân namtlik mei in grutte bocht om allerhande Europeeske-regels hinne. En lit dat, it omsylen fan Brusselse regels, no krekt wêze wat neffens it regear absoluut net kin…

René: Ok, mar it regear hat ek in hiele grutte pûde mei jild klearsetten om de boeren te helpen. Helpen te stopjen of om om te skeakeljen nei in wize fan buorjen die duorsamer is en foar minder emissies soarget. Is dat dan hielendal net niisskjirrich foar harren of foar guon fan harren?

Sjoerd: Foar in oantal kin útkeapje, sa lang dat frywillich en yn oerlis giet, best niisskjirrich en passend wêze. Dat barde de ôfrûne jierren ek al wol en hoecht ek net perfoarst ferkeard te wêzen.
Mar ik tink dast it ek sa sjen moast: In boerenbedriuw is yn jild pas in protte wurdich as it ferkocht wurd. En dat is no krekt wat de measte boeren net wolle: sy wolle gjin bulte jild op de bank stean ha, sy wolle ek net op de bank sitte, sy wolle buorkje….

René: Mar kin dat buorkjen dan net folle faker op in lytsskaligere wize en mear natoerinclusief as bygelyks biologysk? Der bin wis wol foarbylden fan boeren dy’t it der goed mei dogge en hawwe.

Sjoerd: In protte boeren wolle wol feroarje en wiene der de lêste jierren ek al folop mei dwaande. Feroaring is sowieso fan alle tiden; der gean en wolle de measten wol yn mei. Tageliik freaget soks ek tiid. Sjoch as foarbyld it project op Skiermuontseach. Boeren dêr ha de koppen by elkoar stûtsen en ha frywillich 30% fee mindere om sa ûnder oare minder ammoniak út te stjitten. It ferstjinmodel moat komme út eigen sûvelprodukstje en ferkeap. Dat plan is mear as fjour jier lyn útrolle, der is al in klap subsidie tsjin oansmyten, de boeren ha inmiddels 30% minder fee, mar der is noch gjin eigen sûvellijn en dus ek noch gjin nij fertsjinmodel. Dat bestjût net dat ik der negatief oer bin, perfoarst net! Mar it wol al sizze: soks freaget tiid.
En as we sjogge nei boeren dy’t no al op in oare wize buorkje en der in ynkommen úthelje: dy boeren bin hast allegear biologysk. En nei biologyske produkten is noch altiid folle minder fraach as nei gongbare produkten. As alle konsuminten fanôf moarn de helte mear biologyske sûvel en griente beginne te keapjen dat bin sawat alle boeren yn Nederlân binnen fiif jier biologysk. Dat doar ik wol te sizzen. Mar it bart net, want in oanpassingsfermoging fan de konsumint freaget like goed in protte tiid.
We kin wol roppe dat de reduksje fan stikstof sneller moat, mar alles liket derop dat dat net te realisearjen is. Want neist dizze redenen is der ek noch in juridyske werkelijkheid. As it kabinet echt de no útsetten koers festhâlden bliuwt, sille we jierrenlang boer op boer tsjinoer it regear yn de rjochtbank sjen. Dat jouwt louter ferliezers en kostet lykegoed dus jierren oan tiid.

 

René: Dat soe best ris sa wêze kinne. De praktyk en dermei de realiteit binne weerbarstich. Sa ek it gedrach fan konsuminten. Mar werom nei de boerenprotesten en de, sa as it liket, brede ûnwil fanút de boeren om mei dit regear en bygeliiks de oanstelde bemiddeler Remkes om tafel te gean. Hoe komme we neffens dy út dizze ympasse?

Sjoerd: Alderearst moat Den Haag neffens my de stikstofkaart fan 10 juni fan tafel helje. Hja, dermei doel ik op Den Haag, moat pas nije plannen presentearje as hja it komplete plan foar mobiliteit en yndustry ek klear hawwe.
Derby moat hja neffens my wurkje oan in plan werby yn bygeliiks 20 jier, in realistisch percentage fan de produksjerjochten fan agrariërs fia ôfroming en frywillige opkeap opkocht wurde. Dat klinkt faaks lyke yngripend foar de agraryske sector, mar dat is it net. Seker net as dat yn kombynaasje giet mei it finansjeel stimulearjen fan eltse boer dy de sette doelen foar stikstofreductie en wetterkwaliteit earder al hellet. Dat ôfromen fan produksjerjochten bart no namtlik ek al. It is ferfelend en hjir en dêr marktferstoarend, mar folle minder yngripend as de huidige koers. Werom? Omdat it oantal boeren hoe dan ek de kommende jierren fierder ôfnimt. Gewoan omdat de gemiddelde leeftiid fan boeren boppe de 50 jier leit en der net genoch opfolgers binne om de kapitaalintensieve bedriuwen oer te nimmen. Mei in stimulearenjende route, baseare op tiid jaan en finansjele kompensaasje binnen de bedriuwsfiering, kin itselde berikt wurde as it regear no foar eagen hat. Op in wize dat de boeren die trochbuorkje perspectief hâlde.

Der is allinne, yn elts gefal foar de koarte termyn, ien grut probleem: troch it hanneljen fan de lêste jierren, en seker wiken, hat hast gjin boer mear fertrouwen yn welke route dan ek mar foarsteld wurdt troch dit kabinet.
Moaier kin ik it net meitsje en helaas, makliker ek net.

Vorig artikelVerslag uit boerenprotestbus: ‘Niets doen is geen optie’
Volgend artikelRFC maakt winst, maar durft (nog) geen nabetaling uit te keren