Radio interview Omrop Fryslân, uitgezonden op 15-11-2021.
René: Goeiemiddei Sjoerd; wolkom.
Ik ha begrepen, do wolst hjoed ynheakje op in harkersfraach?
Sjoerd: Goeiemiddei René.
Inderdaad. Nei myn bydrage hjir twa wiken lyn, oer dat ús iten djoerder wurdt omdat alle grûnstoffen djoerder wurden binne, freage Johannes Annema út Westergeest him ôf oft it net foaral korona is dat de hjoeddeistige priisstijgingen foar iten fersoarget. Troch korona is immers in hiele protte yn de war smiten oangeande de logistiek. En seit Annema der terjochte by: de produksje fan allegear grûnstoffen foar foedsel is de léste tweintig jier mei sa’n 50% tanaam wylst de wrâldbefolking mei sa’n 25% groeid is yn dyselde periode. Fandér syn idee: koronamaatregelen binne de grutte ‘boosdoender’ fan hegere priizen foar ús iten.
René: En, hat hy geliik?
Sjoerd: Hy hat diels geliik. Mar nei myn idee is it komplexer. En it hat ek in moai extra brêgje mei Sjina, wer ik ferline wike ek al wat oer fertelde.
Mar earst de ynfloed fan de koronamaatregelen.
René: Ja, want wat bedoelst do krekt ast seist dat koronamaatregelen in hiele protte logistiek yn de war skopt hat?
Sjoerd: Allerearst wie der fansels de needsituaasje oan it begin fan de pandemie. Die begûn al yn jannewaris/febrewaris 2020 yn Sjina. Dat bestjûtte dat kontainers mei bygeliiks súvel wol die kant op giene, mar der stean bliuwden omdat minsken der net wurkje koene/mochten. Dat wie it begin fan in tekoart oan seakontainers die yn omloop binne.
Yn de ôfrûne 1,5 jier is dat allinne mar tanaam. De planning wie net allinne yn de war, mar we krigen én in probleemsituaasje yn it Suez-kanaal (do wist it grif noch wol, die grutte boat die dagenlang fêst lei en alles blokkeare..) én mei in sneller opfearjende ekonomy te krijen wertroch de fraach nei produkten enorm snel tanaam is.
No kostte it foar de pandemie sa’n € 1.750 om ien seakontainer fanút Sjina hjirhinne te krijen. Inmiddels leit die priis op gemiddeld, skrik net, € 11.000 oant € 13.000!
Dus ja, dat hat ek seker in priisopdriuwend effekt op de priizen fan allerhande produkten en dus ek fan iten. Want sa as we witte, wurdt der yn grûnstoffen, súvel, fleis, jirpels en allerhande griente wrâldwiid hannel driuwn.
René: Dúdlik, mar do hellest krekt al de opmerking fan de lústeraar oan: de produksje fan fleis en granen is de léste tweintig jier ek al mei 50% omheach gien. En de wrâldbefolking ‘mar’ mei 25%.
Op basis derfan koene je dochs, los fan de pandemie, in priisferleging ferwachtsje?
Sjoerd: Ik begryp die gedachte, mar dochs klopt dat net. Of yn elts gefal net hielendal. Want de mate weryn de produskje en de wrâldbefolking groeit, hat fansels in grutte impact op de totale fraach nei foedsel en dermei hat it ynfloed op de priizen; mar derby komt dat in hiel grut part fan de wrâld, mei namme yn Azië en Afrika, wer de measte minsken wenje, hieltiid mear wolfeart kin. Dat bestjût dat sy mear konsumearje. Net allinne dat se mear ite, mar wol dat se mear ‘heachweardige’ produkten keapje kinne en dat ek dogge. En dat keapgedrag stuwt de fraach nei foedsel ek foar in belangrijk part.
Je soene sizze kinne: hieltiid mear Aziaten en Afrikanen kopiëre ús gedrach. Se keapje in protte werfân se lang net alles efficiënt brûke. Dat jildt foar goederen, mar ek foar foedsel.
René: Oké. No heare we hjir hieltiid mear oer ‘konsuminderen’, mar dat slagget de measte minsken hjir ek noch mar hiel matig. Dat sil yn Azië en Afrika, by it part fan de befolking die mear jild om hânnen kriget, noch wol mear ôffalle tinkt my?
Sjoerd: Ja. Ik liuw wol dat je der foar de kommende jierren fanút gean meie.
Mar der bin mear saken dy’t spylje as je it hawwe oer priisfoarming en fraach nei foedsel. Wrâldwiid wurdt der in protte exporteare nei Sjina. Bygeliiks foar súvel is Sjina ek in wichtige merke. Der wurdt ek in protte oer praat. Faaks wolris wat te folle want fierút de measte export fan súvel út Nederlân bliuwt yn de EU en mar in lyts diel giet nei lânnen as Sjina.
Der komme we grif noch wolris oer te sprekken; wer ik no op ta woe is dat Sjina noch altiid in hiele protte foedsel, dus ek súvel, ymportearet, mar dat alles der op wiist dat dat oan it skowen is.
Ofrûne jier waarden de nametlik sa’n 20% minder bern berne yn Sjina.
René: Sjina hat dochs de eenkindpolitiek allang los litten? Dat wurket dus net, kinne je sizze?
Sjoerd: Dat seisdest goed. Yn 2015 waard de beroemde ‘éénkindpolitiek’ al loslitten en sûnt dit jier meie Sjinesen net twa, mar sels trije bern krije.
Dat se dat meije is moai foar harren, mar it liket net foar feroaring te soargjen. Ôfrûne jier wie it bertesifer it leagste yn fiiftich jier tiid. Dat hat no al gefolgen foar in protte súvelbedriuwen yn Europa omdat die folle minder berne-molkpoeier ferkeapje kinne. Dat tikt der echt serieus yn.
Mar ek foar de langere termijn sitte dat in protte effecten ha.
René: Wer doelst dan bygeliiks op?
Sjoerd: Sjina telt no in ynwennerstal fan 1,4 miljard minsken.
Fanút de Universiteit fan Washington is de léste jierren wiidweidich ûndersiik dien nei hoe sich de befolkingsgroei yn ferskate lânnen ûntwikkelt. Wat tinkst dat die ûndersiikers foarspelle foar ynwennerstal yn it jier 2100 yn Sjina?
René: Gjin idee. Net mear yn elts gefal, as der no sa’n bytsje minsken bykomme.
Sjoerd: De skatting is 732 miljoen. Dat is hast de helte minder as no.
Wy groeie dus no al inkele decennia op mei de kennis en it idee dat Sjina hieltiid mear minsken derby kriget. Minsken die ek in hiel protte iten fan ús keapje wolle.
Dat hâldt ek noch wol 1, 2 of 3 decennia oan, mar dernei sil dat oars wurde.
As der dan noch in protte foedsel út Nederlân exporteare wurdt, ek bûten de EU, dan sil net Sjina mar lânnen as Nigeria, Ethiopië, Tanzania, Egypte en Kongo de grutste keapers wêze. Tenminste, de ûndersykers fanút Washington skatte yn dat yn 2100 dat de fiif lânnen binne mei de meast ynwenners.
René: Niisskjirrich yndie. De wrâld fan fraach nei iten is, ticht by hûs en yn de fierte dus folop yn beweging en somtiden ek wol in bytsje oars as wy tinke.
Sjoerd tige tank en oant takom wike.