Radio interview Omrop Fryslân, uitgezonden op 03-10-2022.
Eric: Goeiemiddei Sjoerd.
Hiel koart earst oer de beneaming fan Piet Adema. In ferrassing foar dy?
Sjoerd: Ja. Der kin ik koart en earlik oer wêze. We hiene gjin idee wa de ChristenUnie foar dizze baan fine soe. Ek omdat it in positie is dy’t lêstiger as ea liket te wêzen en wurden. En dan tink ik ûnder oare oan de útkomsten fan Remkes syn befiningen, die we woansdei heare sille.
Eric: Krekt. Ja, it is in spannende wike foar de lânbou. De nije minister witte we inmiddels, mar hy moat it ek dwaan mei it rapport fan Johan Remkes dat kommende woansdei nei bûten komt. Mei deryn ek oanbevelingen oan it regear, sa is de ferwachting. Ik sis derby spannend. Is it dat ek en wurdt it ek sa erfaren troch de measte boeren?
Sjoerd: Goeiemiddei Eric.
J: ‘Het rapport fan Remkes’. Kommende woansdei is it safier. Sjoch, mei it sa te sizzen wurkje ik ek al yn it lyts in bytsje mei om it spannend te meitsjen. Miskien wol spannender dan it is of ferwachte wurde mei. Want fansels is it spannend omdat fan it advies best it yn en oar ôfhingje sil. Tagelikertiid tink ik dat de ferwachtingen tempere wurde moatte. Kommende woansdeimiddei is echt net opiens alles dúdlik hoe it no konkreet fierder kin en moat.
Eric: Doelst do dan ûnder oare op in nij rapport fan it Planbureau van de Leefomgeving (PBL) dat juster fia NRC diels útlekte? Deryn wurdt stelt dat fan frijwillige opkeap weinig ferwachte wurde mei. En dat ynset op gedwongen útkeapje, ûnteigenje fan boeren dus, waarskynlik derfoar soarget dat it kabinet yn in jierrenlang juridysk moeras telânne komt.
Sjoerd: Krekt. Dit is ien fan de fasetten dy’t spylje. De oerheid kin wol fan alles betinke en wolle, mar om dat yn praktyk wurkber te meitsjen, fâlt noch net ta. Ik hoop fan herte dat Remkes mei wat positieve ferrassingen komt om saken wat better en flotter rinne te litten, mar ik ferwachtsje der earlik sein net it measte fan. Ik ferwachtsje al dat hy werhelje sil dat provinsjes mei in gebiedsgerichte oanpak komme moatte.
Dat lêste wie al sa en ik tink dat die opdracht der bliuwt. Mar dat is tige lêstich foar de provincies. Want gjin boer sjocht harren no graach op it hiem kommen om plannen te meitsjen. Lit stean te praten oer frywilliche of ferplichte ferkeap fan de pleats. Tel derby op dat de Steaten-ferkiezings yn maart takom jier plakfine en do fylst wol oan yn wat foar spagaat de Provincies harren no al, en nei de brief fan Remkes waarschynlik noch mear, befine.
Eric: Dûdlik. Fan Piet Adema moat dan ynkoarten de ‘perspectiefbrief’ komme. Ik kin my foarstelle dat in protte boeren der op in bepaalde wize wol nei útsjogge. Je kin immers goed begrype dat boeren graach dúdlikheid ha wolle én wer fierder wolle.
Sjoerd: Fansels soene de measte boeren graach rust en dûdlikheid ha wolle rûn dit dossier. Mar de measten fan harren begrype ek wol dat dat waarskynlik in utopie is. Alderearst omdat de maatregelen die op stapel stean om stikstof te reduceren, linksom of rjochtsom in protte boeren hoe dan ek serieus reitsje sille. En omdat de measte boeren sizze: it regear is net earlik of wit sels net iens wat se eins berikke wolle mei die ynset op al dizze reduksjemaatregelen.
Eric: Hoe bedoelst dat lêste krekt? De earste ynset is dochs: herstel en bettere beskerming fan de natoer. Oeral, mar foaral yn kwetsbere natoergebieten.
Sjoerd: Dat wurdt yndie sein, mar de fraach is: wat bestjût dat herstel krekt? Wannear ha de no foarnommen maatregels al as net foldwaande effect? Hoe moat de natoergebieten der oer tsien, tweintig en triitig jier by lizze? Dat bliuwt oant de dei fan hjoed ûndûdlik.
Mei omdat dat net helder wurdt, bliuwe in protte boeren wantrouwend oer alle foarnommen plannen.
Eric: Ok, mar jo kin ek sizze: wat der net yngiet, komt der ek net út. De measte stikstofemissie wûrdt dochs feroarsake troch ynput fan krachtfoer en kunstdong. Boeren die deryn minderje, stjitte ek minder stikstof út. En der bin dochs hieltiid mear boeren die dêr op ynsette en sjen litte dat sy dermei ek wol degelik in ynkommen út de merk witte te heljen.
Sjoerd: Deryn hast do hielendal geliik. Der binne ferskate boeren die al wurkje mei in leage input en dermei ek minder útstjitte. Dit argumint, ‘sjochst wol, sa kin it dus ek’, wurdt ek faak en graach troch in protte politici brûkt. Mar dat giet neffens my dochs op ûnderdielen wat mank.
Eric: Hoe bedoelst dat krekt?
Sjoerd: Ik sil in foarbyld nimme. Ôfrûne wykein stie der yn de Ljouwter Krante in grut en moai artikel oer de famylje Deinum yn Sondel die as sa’n foarbyld tsjinje. It wie in artikel yn in reeks die preseantere waard as de ‘Boeren fan de Takomst’. En dat die no al bestean, werby dizze famylje as foarbyld tsjinne. In boerenbedriuw die biolgyske dynamisk buorket, de kij eins allinne gers frette lit en in part fan de produkten oan hûs ferkeapet. Foar dizze famylje en kollega’s fan harren die dit sa oanpakke, ha ik in protte respect. Dat stiet net ter diskusje.
Allinne mei guon politici graach roppe dat alle boeren die kant op moatte. Tjeerd de Groot fan D66, jim hiene him ôfrûne freed ek noch op besite, is útgroeid oan ien fan de bekinsten derfân. Wat hy en syn kollega’s der echter eins nea bysizze, is dat D66, krekt as de koalysje partijen VVD, CDA én de ChristenUnie fan Piet Adema, ek de ôfrûne jierren opnij foar hannelsferdragen tekenje die meitsje dat lânnen yn bygeliiks súd-Amerika allerhande iten probleemloos nei ús lân ta ynportearje meie, wylst de regels foar bygeliiks bisten wolwêzen en it gebrûk fan gewaaksbeskermingsmiddelen, folle minder streng binne.
Eric: Dat is ûnearlike konkurrinsje, seist do?
Sjoerd: Ja. Dat klopt. En der komt by: as al ús boeren omskeakelje moatte nei in folle duorsamere wize fan produsearjen, moat hja har produkten wol slite kinne. Dat sil dan foar in heagere priis wêze moatte die de konsumint, gruttendiels yn de supermerke, betelje moat. Mar salang de supermerke gewoan goedkeaper oanbod út it fiere bûtenlân krije kin, sil dat allinne mar mear yn de skappen komme te lizzen. Mei oare wurden: de politiek mjit en hannelt hjir mei twa maten. Se wolle dat ús boeren minderje en minder stikstof en CO₂ útstjitte, wize nei de supermerken dat die foaral duorsame produkten yn de skappen lizze moatte, mar sels wolle se net tsjin hannelsferdragen stimme wermei boeren yn ús lân en foar ûnearlike konkurrintsje komme te stean en goedkeape ymport alle romte hâldt.
Eric: Ik begryp it. Yn die hannelsferdragen sille oare ekonomyske belangen prefaleare wurde. Al dan net terjochte, it sil it wantrouwen ûnder de boeren yn de oerheid fersterkje. Piet Adema kriget der noch in beste bonke oan…
It thema bliuwt komplex, mar dit jouwt wer in stikje opheldering. Tanke Sjoerd en oant in oare kear.