Radio interview Omrop Fryslân, uitgezonden op 27-12-2021.

 

Eric: Goeiemiddei Sjoerd.
It ein fan it jier komt tichtby en wy sil it oer jild ha. Oer ferstjinsten fan boeren..

Sjoerd: Goeiemiddei Eric.
Ja, oan it ein fan it jier makket it Wageningen Economic  Research en it CBS altiid de berekkene ynkommens bekind. Dit jier leit it ynkommen fan melkfeehâlders en ikkerbouwers, it type bedriuwen dat we hjir yn Fryslân it measte kinne, respectievelijk € 35.000 en € 59.000.


Eric: En is dat goed; is dat heech?

Sjoerd: Dat is in logyske fraach, mar eins best léstich om in goed antwurd op te jaan.
Sjoch, de rekkenmasters van Wageningen en it CBS dogge harren best, mar allerearst prate we hjir oer in gemiddelde. De sprieding is enorm. Der kom ik sa noch efkes op werom.
Mar wat ek wichtich is: dizze ynkomsten wurde útdrukt yn Onbetaalde Arbeidsjaar Eenheid. Dat is in ingewikkelde term foar omrekkene minimaal in fulltime baan. As in echtpaar de buorkerij mei elkoar runt, en ien fan beide partners bygeliiks foar 50% ek yn it bedriuw wurket, komt der fanút de gemiddelde berekkening dus noch 50% fan € 35.000 of  € 59.000 by.

Eric: Op in protte pleatsen leit it ynkommen foar boerengesinnen dus noch dúdlik in stikje heager?

Sjoerd: Ja, op basis fan dizze gemiddelde berekkening kinst dat konkludearje.
En der komt by: boeren kin ek best faak noch in oantal saken saaklik oankeapje die in oar, die earne yn leantsjinst is, privé keapje moat. Tink ris oan in boarmachine of de kosten foar wetter en elektrisch.

Eric: Sa besjoen lykje die ynkommens dit jier dan dus hielendal net sa min

Sjoerd: Op basis fan it gemiddelde is dat tink ik ek sa.
Seker foar de ikkerbouw jildt dat op de measte bedriuwen dit jier ek wol. It moat al raar rinne as minsken fan sa’n ynkommen de belésting en privé-útjeften net betelje kinne.
Allinne moat in pear saken net ferjitte: boeren rinne yn de measte gefallen ek fry grutte risiko’s omdat se in protte ynfesteare hawwe en opnij dwaan moatte om by de tiid te bliuwen. It rindemint op dat ynfesteare fermogen is eins, by sokke ynkommens, hielendal net sa heech. Boppedat is der altiid it risiko dat de opbringstpriizen in oar jier wer folle leager lizze en dermei ek it ynkommen. Je soene dus ek sizze kinne: foar al dat risiko dat hja oangean, meije of ‘moatte’ de ynkommens ek wol wat heager lizze.
En dan ha ik it noch net oer dat we hjir oer in gemiddelde prate.


Eric: Dat seidest krekt ek al efkes. Bin de ferskillen yn ynkommens dan sa heech?

Sjoerd: Ja. Die ferskillen binne tige grut. Yn de ikkebou bin der bedriuwen die dit jier krekt boppe de nul útkomme en oaren die fier boppe de ton oan ynkommen behelje.


Eric: Hoe kin dat dan?

Sjoerd: Dat hat diels mei it type gewaaks te krijen dast do ferbouwst. Granen bringe dit jier goed jild op, mar ha in protte jierren matig west. Jirpels dogge it opnij ek goed, mar foar bygeliiks sipels is dat oars. De kans is grut dat de measte sipels dit jier echt mar in hiel bytsje opsmite. Wa relatief in protte sipels hat, kin dertroch dit jier best ris dochs net sa’n best jier draaie.

Eric: En yn de melkfeehâlderij dan. Die boeren leverje allegear molke, leit dat net mear geliik?

Sjoerd: It kin ek noch best in ferskil meitsje oan welke fabriek ast dien molke leverst. In ferskil fan trije sint per liter molke gemiddeld oer in jier sjoch je best wolris tusken melkfabrieken. As jo 1 miljoen liter molke leverje per jier, en der sitte de Fryske boeren gemiddeld als hast op, dan wurdt allinne dertroch al € 30.000 mear as minder ynkommen helle.
Mar ek de kosten ferskille enorm. Dat hat mei fakmanskip te krijen, mar foaral ek mei ynfestearingen en derby oangiene financieringen. De ferskillen yn hichte fan lieningen én rentepercentage binne tige grut en makket de ferskillen grut. Ek yn de melkfeehâlderij binne der bedriuwen die 2 of sels 3x die € 35000 oan ynkommen helle per AJE. Mar ek in hiele protte die rûn of ûnder de 0-lijn sitte.

 

Eric: Dat liket my tige léstich; in negatief ynkommen. Sawol financieel as mentaal.

Sjoerd: Dat is it fansels ek.
Finansjeel bestjút it faak dat earder oanmakke sparpotsjes oansprútsen wurde om de privé-utjeften fan te beteljen. Of soms hat ien fan de partners in baan bûten de doar en ite en drinke se der fan.
Dus as je heare of lêze dat de gemiddelde ynkommens dit jier foar de boeren mei € 35.000 of € 59.000 krekt wat better binne as ferline jier en op in aardich nivo lizze, staar je der dan net blyn op. Want de ferskillen bin grut en in protte boeren skriuwe noch altiid reade sifers.

En mentaal docht dat fansels ek wat mei jo. Mar melkfeehâlders en ikkerbouwers meije harren dat faak segene rekkenje dat se net sa ûnwis deryn sitte as bargehâlders.

Eric: Hoesa, bin der de ferskillen noch grutter?

Sjoerd: Ja, foaral de ferskillen yn ynkommens oer de jierren hinne.
In sûgenhâlder ferstjinne gemiddeld ôfrûne jier € 136.000 yn de min(!). Yn 2020 wie dat krekt positief en yn 2019 € 275.000(!) yn de plus. It binne enorm ynkommens en tige heage jildstromen. Sawol positief as, dit jier, dus negatief. Der moat je mentaal ek oerkinne + dat je disiplineare sparpotsjes oanlizze moatte en mei jo bank hiele goede ôfspraken sjen te meitsjen…

Vorig artikelWerom krije boeren eins Europeaske subsydsje?
Volgend artikel‘Kalf bij de koe kan prima’