Radio interview Omrop Fryslân, uitgezonden op 10-01-2022.
Eric: Sjoerd goeiemiddei.
Ferline wike kaam in wat frjemde saak ûnder de rjochter en dermei yn it nijs: actiegroep Dier en Recht mei net trochgean mei har posteractie weryn hja sizze ‘Zuivel veroorzaakt ernstig dierenleed’.
De boeren bliid tink? Mar wer giet dit precies oer?
Sjoerd: Goeiemiddei Eric.
Ja ik tink dat de measte boeren ferline wike tocht ha: sjochst no wol, gelokkich jouwt de rjochter ús ek geliik: wy feroarsaakje gjin dierenleed en dat litte wy ús ek net sizze.
Tageliik tink ik dat Dier & Recht stiekem ek tevreden is: troch alle media-oandacht rûn dizze saak, die sy no ek yn heager berop foar de rjochter ferlern ha, krije sy júst in protte oandacht foar har ideeën.
Eric: Ok. Mar wer draait it krekt om? Wat ferwiit Dier&Recht de melkfeehâlders en werom meie se dat op dizze wize net dwaan fan de rjochter?
Sjoerd: Dier&Recht seit: as jo melkfee hâlde, dan krije kij elts jier in kealtsje. In ko is namtlik in zoogdier en moat in kealtsje krije om molke te produsearjen. It grutste diel, 65 tot 70%, fan dy keallen is net nedich om de huidige feestapel op peil te hâlden en giet nei keallehâlders. Die bringe de keallen grut om se sa’n 8 moannen letter nei de slacht te bringen.
Eric: En dat fynt Dier&Recht mar neat?
Sjoerd: In actiegroep as Dier&Recht seit: dy kealtsjes wurde fuort nei de geboorte by de mem weihelle. Dat neame hja al earnstich dierenleed. Ferfolgens wurde de keallen grut brocht puur foar de slacht ûnder minne omstandigheden: dy keallen komme nea bûten, se krije relatief in protte antibiotica tsjin sûnsproblemen en se ha bygelijks relatief faak longproblemen. Dier&Recht seit: Trochdat der súvel produseare wurdt, komme der sa folle keallen en sizze wy dus: ‘Zuivel veroorzaakt ernstig dierenleed’.
Boerenclub AgrActie hat ferline simmer fuort al in kort geding oanspand. En dizze saak doe wûn en no yn heager berop opnei. Sy sizze namelik: melkfeehâlders soargje just goed foar harren bisten. Jo moatte en meie excessen net ferwarre mei in algemien byld en derom kin je net in hiele sector fuortsette as in soarte fan dierenbeulen. De rjochters bin hjir dus opnei yn meigien.
Eric: Mar in keal fuort by de ko weihelje nei de berte klinkt dochs ek wol in bytsje sielich; of net soms?
Sjoerd: Ja. Fansels. Ik kin tenminste wol begrype dat minsken dat tinke en sizze.
Allinne in pear saken bin wichtich hjirby: we witte net goed hoe in ko ‘tinkt’. Yn elts gefal net exact itselde as in minsk. De bân tusken in ko en keal liket, yn de measte gefallen, pas echt op te bouwen as in keal in pear dagen by de ko bliuwt. Júst derom helje boeren it keal flot by de ko wei. En in oar argumint is dat, sadra ik keal apart stiet, der folle better kontroleare bjist jûn wurde oan it keal. Bjist is de hiele wichtige earste memmemolke. Ek kin oerdracht fan siiktes better foarkommen wurde as jo it keal fuort nei de berte skiede fan de ko.
Eric: Ok. Sielich of net. Feit is docht dat it hâlden fan kij foar de molke soarget foar it ‘restproduct’ keallen?
Sjoerd: Ja. Oft je de berne keallen no in ‘restproduct’ of in ‘bijprodukt dat dat hearlik sûn fleis oplevert’ neame, beide keren klopt dat. As jo kij hâlde foar de produksje fan molke dan ha jo ek keallen die earder as letter yn fleis feroarje. Der is gjin oantkommen oan en der soe de diskusje neffens my ek mear oer gean moatte. Oer de fraach: wolle wy yn Nederlân, of yn Europa foar myn part, tastean bliuwe dat der súvel produseare wurdt, dat der kij hâlden wurde. En welke konsekwisjen dat dan foar de boeren én foar de boargers hat.
Eric: Hoe bedoelst dat konkreet?
Sjoerd: Allerearst dit: Der bin no al wol in oantal boeren die de kealtsje bygeliiks 3 moanne by de ko hâlde nei de berte, mar dat falt noch net mei. Do kinst dy der wol wat by foarstelle dat die opgroeiende keallen tusken de kij hjir en der ek hiel wat oanpassingen fan de gebouwen freagje en it hiele management. Boppedat drinke keallen die 3 moanne by de ko rinnen bliuwe, gemiddeld 2.000 kilo molke fuort. As in ko oars yn in jier totaal 8.000 kilo molke produsearet, betekent dat dus 25% minder molke. En hat sa’n boer dus eins ek minimaal in 25% heagere melkpriis nedich. Bin grutte groepen minsken daadwerkelijk bereid dat derfoar te beteljen?
Mar yn myn optiek minstens sa wichtich: ek dan bliuwt it grutste part fan de keallen noch oer en sil ea slachte wurde moatte. Jo kinne dus ek sizze dat de konsumint die súvel konsumearet – molke, tsjiis, of bygeliiks proteïne shakes yn de sportskoalle, just syn ferantwurdelikheid nimme moat en keallefleis ite moat. Krekt sa as je wannear jo fêta, makke fan geitenmolke, sa lekker en sûn bestempelje, jo eins it fleis fan de bokjes ek ite moatte.
Eric: Mar it fleis fan kealtsjes en bokjes wurdt amper iten yn Nederlân. Eins wat hypocriet dus, soene jo sizze kinne?
Sjoerd: Lit ik it sa sizze. En dan jouw ik efkes diels myn eigen miening:
As jo sizze: ik fyn it té sielich dat it kealtsje fuort nei de berte by de ko weihelle wurdt dan moat jo ek gjin súvel mear konsumearje. Mar wolle jo dat? Wolle jo alle foardielen dy lekkere en sûne súvel biedt, opjaan? As jo dat lêste net wolle, mar wol ‘seure’ dan neame jo dat, as je der goed by neitinke, hypocriet.
Krekt sa as it hypocriet is om as boer te sizzen; it is better foar it keal dat it fuort by de ko weihelle wurdt nei de berte. Nee. Want as it keal de kâns hie, dan bliuwde it by de ko rinnen. De haadreden om it keal by de ko wei te heljen is om de ko foar de melkproduksje te benutten.
As beide kampen dizze saken earlik en iepen besprekke dan kom je tink ik fierder dan dit foar de rjochter út te fjochtsjen.